Joonas (Jonni) Myyrä (Savitaipale, 13 july 1892 - San Francisco Feriene Steaten, 22 jannewaris 1955) wie in Finsk spearsmiter.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1912, 1920 en 1924). Hy waard yn Antwerpen Olympysk kampioen by it spearsmiten mei in Olympysk rekôr fan 65,78 meter. Fjouwer jier letter yn Parys prolongearre Myyrä syn Olympyske titel mei in ôfstân fan 62.69 meter.

Nei de Spullen fan 1924 kearde Myyrä net werom nei Finlân, mar ferfear nei Amearika fanwegen jildproblemen. Hy soe jild fan it gemeentebestjoer fan Savitaipale fertsjustere hawwe, nei't in houtseagerij dêr't er yn ynvestearre hie fallyt gien wie. Hy hat nea werom west yn syn heitelân. Jonni Myyrä ferstoar op 22 jannewaris 1955, yn 'e âldens fan 62 jier.

Kategory:Finsk spearwerper Kategory:Finsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1892 Kategory:Persoan stoarn yn 1955