Frederick Morgan Taylor (Sioux City, 17 april 1903 - Irondequoit (New York), 16 febrewaris 1975) wie in Amerikaansk horderinner.
Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1924, 1928 en 1932). Hy waard yn Parys Olympysk kampioen op 400 meter horden yn in tiid fan 52.6 sekonden. Yn Amsterdam en Los Angeles wûn hy in brûnzen medalje op itselde ûnderdiel. Morgan Taylor ferstoar op 16 febrewaris 1975, yn 'e âldens fan 71 jier.
Kategory:Amerikaansk horderinner Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1975