De swartkopiisfûgel of swartkapiisfûgel (Halcyon pileatais) in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet yn tropysk Aazje.

Beskriuwing Swartkopiisfûgels wurde likernôch 28 sm lang. De wjukken en rêch binne pearsblau en de kop en skouders swart. Se ha in wite nekkraach en oranjebrune ûnderkanten. De grutte snaffel en de poaten binne read. Yn 'e flecht is op eltse wjuk in grut wyt plak oan 'e basis fan 'e slachpinnen te sjen op 'e blauw-swarte wjukken.

Der binne gjin ferskillen tusken mantsjes en wyfkes, mar de jonge fûgels binne doffer en ha streken op 'e kiel.

Fersprieding De soarte wurdt fral oantroffen yn 'e buert fan 'e kust yn mangrovebosken en by estuaria en rivieren. It ferspriedingsgebiet leit fan Yndia (ynklusyf de Andamanen en de Nikobaren), Sry Lanka, Koreä, Maleizje, Tailân, Birma, de Rjûkjû-eilannen, Bangladesj, Hainan, de Filipinen, Borneo, Sumatra oant Sulawesi, dêr't se allinne winterdeis foarkomme. Dwaalgasten wurde winterdeis waarnommen yn Pakistan, wylst yn 'e de reintiid de fûgels bûten it wenstige ferspriedingsgebiet folle mear nei it binnenlân migrearje.

Der is in ûndersoarte palawanensis beskreaun, mar oer it generaal wurdt de soarte as monotypysk beskôge sûnder grutte ferskillen yn it hiele ferspriedingsgebiet. Iten thumb|left|Swartkopiisfûgel mei proai. Swartkopiisfûgels sitte opfallend op in stok of stankel om fan dêr nei fisken te dûken. Ek yt de fûgel grutte ynsekten.

Nêst It briedseizoen is simmerdeis. It nêst sit yn in ierden wâl en in lechsel bestiet út fjouwer oant fiif rûne, wite aaien.

Status Alhoewol't de soarte in grut ferspriedingsgebiet en de wrâldpopulaasje nei alle gedachten grutter is as 10.000 folwoeksen eksemplaren, wize it ôfnimmen oantal waarnimmings en de besettingsgraad op in tebekrinnen yn heech tempo. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte dêrom as kwetsber klassifisearre. Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase

Kategory:Echte beamiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren