Loren Murchison (Farmersville, 17 desimber 1898 - Lakewood, 11 juny 1979) wie in Amerikaansk atleet.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1920 en 1924). Hy waard beide kearen Olympysk kampioen op de 4x100 meter estafette mei in wrâldrekôr. Yn Antwerpen mei Charles Paddock, Jackson Scholz en Morris Kirksey yn in tiid fan 42,2 sekonden. Fjouwer jier letter yn Parys mei Louis Clarke, Francis Hussey en Jeremiah Leconey, se setten it wrâldrekôr doe op 41 sekonden.

Yn 1925 krige Murchison harsenfluesûntstekking en rekke dertroch fan fan 'e mul ôf ferlamme. Murchison makke letter medaljes en sieraden. Loren Murchison ferstoar op 11 juny 1979, yn 'e âldens fan 80 jier.

Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk sieraadûntwerper Kategory:Amerikaansk medaljeur Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1979