De kobaltiisfûgel (Alcedo semitorquata) is in fûgel fan it skaai echte iisfûgels (Alcedo semitorquata) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing De oant 18 sm lange en 35 oant 40 gram swiere fûgel hat blauwe boppedielen, in wite kiel en fealoranje ûnderdielen. De kop fan 'e fûgel hat in ôfwikseljend patroan fan ljochtblauwe en donkerblauwe streekjes en oan beide kanten fan 'e nekke rint in wite streek. De poatsjes binne read.
Mantsjes en wyfkes binne foar it grutste part itselde, mar it mantsje hat in swarte snaffel wylst it wyfke wat read op 'e ûndersnaffel hat.
Fersprieding Kobaltiisfûgels komme rûchwei yn 'e eastlike helte fan Afrika foar, fan Etioopje yn it noarden oant Súd-Afrika yn it suden. It biotoop fan 'e soarte bestiet út beken en rivieren mei in boskrike omjouwing. De fûgels wurde ek waarnommen yn oare wettergebieten, lykas swietwettersompen en langunes oan 'e kust.
Status Der binne gjin gegevens oer de grutte fan 'e populaasje. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre.
Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase
Kategory:Echte iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania