De Smyrna-iisfûgel (Halcyon smyrnensis) is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Beskriuwing thumb|left|Pearke. Smyrna-iisfûgels binne relatyf grutte iisfûgels, dy't 28 sm lang wurde. Folwoeksen fûgels ha in felblauwe rêch, blauwe wjukken en in blauwe sturt. De kop en it ûnderbealchje binne kastanjebrún en de kiel en de midden fan it boarst wyt. De fûgels ha in grutte reade snaffel en ek de poaten binne read.

Yn 'e flecht binne grutte wite plakken te sjen op 'e blauwe en swarte wjukken. Mantsjes en wyfkes binne gelyk, mar jonge fûgels ha doffere kleuren as folwoeksen fûgels.

Fersprieding De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en komme fan Israel en Libanon yn it westen yn in brede bân oant Sina yn it easten foar. Se binne yn 'e regel allinnich of yn pearkes yn ferskillende soarten biotopen te sjen, dat meastentiids iepen lân yn flaktes by wetter is, mar de fûgel is yn 'e Himalaya ek oant 1.000 m waarnommen. It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgels wreidet him út.

Undersoarten Fan 'e soarte wurde fiif ûndersoarten ûnderskieden:

H. s. smyrnensis (Linnaeus, 1758): fan it suden fan Turkije oant it noardeasten fan Egypte, Irak en it noardwesten fan Yndia. H. s. fokiensis (Laubmann & Götz, 1926):yn it suden fan Sina. H. s. fusca (Boddaert, 1783): yn West-Yndia en Sry Lanka. H. s. perpulchra (Madarász, 1904): yn it noarden fan Yndia, Bûtan, Malakka en West-Java. H. s. saturatior (Hume, 1874): allinnich op 'e Andamanen.

Gedrach Smyrna-iisfûgels briede fan april oant en mei maaie. It nêst bestiet út in tunnel yn 'e ierden wâl oan iggen fan rivieren, somtiden ek yn termiteheuvels. In lechsel bestiet út 4 oant 7 wite, rûne aaikes.

thumb|left|Nei it brekken fan 'e rêchbonke fan syn proai, posisjonearret in Smyrna-iisfûgel út Yndia de fisk sa yn 'e snaffel, dat de kop earst opfretten wurdt. De fûgel wurdt in soad op stangels of triedden waarnommen en jaget op fiskjes, kikkerts, ynsekten, slangen en kjifdieren. Der binne ek meldings fan predaasje fan lytse fûgels. Jonge Smyrna-iisfûgels wurde fral mei wringeleaze dierkes fuorre.

Status Der is gjin rûzing fan de grutte fan 'e populaasje, mar oannommen wurdt dat it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte grutter wurdt en dat de wrâldpopulaasje tanimt. Dêrfandinne wurdt de Smyrna-iisfûgel troch de IUCN as net bedrige op 'e Reade list klassifisearre.

Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte beamiisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren