De griene dwerchiisfûgel (Chloroceryle aenea) is in fûgel fan it skaai griene iisfûgels (Chloroceryle) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Beskriuwing

It mar 13 sm lange iisfûgeltsje wurdt 18 gram swier. Lykas oare iisfûgels hat er in koart sturtsje en in lange snaffel. De boppekant is oliifgrien, de ûnderkant is oranjeread en midden op 'e búk is it fûgeltsje wyt. Wyfkes binne te ûnderskieden fan mantsjes troch de griene bân op it boarst.

Juvenilen lykje op folwoeksen fûgels mar binne sûnder boarstbân, Fierder binne se op 'e flanken spikkele.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e griene dwerchiisfûgel leit fan Súd-Meksiko oer Midden-Amearika oant yn it westen fan Ekwador en Bolivia en Brazylje. De soarte is ek oanwêzich op Trinidad. Griene dwerchiisfûgels libje oan rivieren yn tichte bosken.

Undersoarten Fan 'e griene dwerchiisfûgel binne twa ûndersoarten bekend:

C. a. aenea: de súdlike nominaatfoarm. Is te ûnderskieden fan 'e oare ûndersoarten troch twa rigen mei wite plakken op 'e wjukken. C. a. stictoptera: is te ûnderskieden fan 'e nominaatfoarm troch trije oant fjouwer rigen mei plakken op 'e wjukken. Fierder hat dizze ûndersoarte in wyt plak op 'e ûndersturtdekfearren, dat lykwols hast net te sjen is.

Iten Lykas de oare iisfûgels jaget de griene dwerchiisfûgel fanôf in stôk of stangel op fiksjes en kikkertfiskjes troch him fertikaal yn it wetter te soarten. Ynsekten folle syn iten oan, dy't yn 'e loft fongen wurde.

Nêst De dwerchiisfûgel graaft in 40 sm lange horisonale tunnel yn 'e steile wetterkant of yn in ierden heuvel. In lechsel bestiet út trije oant fjouwer wite aaikes.

Status De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne.

Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase

Kategory:Griene iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname