De griene iisfûgel (Chloroceryle americana) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Beskriuwing thumb|left|Mantsje. Griene iisfûgels wurde oant 20 sm lang en wege 35 oant 40 gram. Wyfkes binne grutter en swierder as mantsjes. Beide skaaien ha griene boppedielen mei twa of mear rigen wite plakken op 'e slachpinnen. De sturt is grien mei in soad wyt op 'e bûtenste fearren, itjinge it bêste te sjen is as se fleane. Folwoeksen mantsjes ha in wite kraach en in readbrún boarst. Folwoeksen wyfkes ha in wite kraach, in feal brúngiele kiel en boarst en in bân fan griene spikkels oer it boarst en de boppebúk. Jonge fûgels ha in soad fan 'e wyfkes, mar binne doffer en ha lytse, ljocht brúngiele plakjes op 'e krún en dekfearren fan 'e wjukken.

Ferspriedingsgebiet It ferspriedingsgebiet fan 'e griene iisfûgel leit tusken it suden fan Teksas oer Midden- en Súd-Amearika oant yn Sintraal-Argentynje. Syn biotoop bestiet út relatyf iepen bosk oan stadich streamende rivieren en marren. De fûgels ha lege begroeiing boppe wetter nedich om te jeijen. Se libje it hiele jier troch yn itselde gebiet.

Undersoarten De ûndersoarten ferskille yn it grien fan 'e boppedielen, de hoemannichte wyt op 'e wjukken en sturt, de flanktekeningen en de omfang fan 'e boarstbannen (hielendal of net). Der bestiet binnen de ûndersoarten ek in soad yndividuële fariaasje, sadat ek de ferskillen tusken de ûndersoarten faak min te sjen binne.

De wurde fiif ûndersoarten ûnderskieden:

Chloroceryle americana hachisukai'''- De ûndersoarte libbet yn it sudlik sintrale diel fan 'e Feriene Steaten en it noardwesten fan Meksiko. Chloroceryle americana septentrionalis – Komt foar yn it súdlik sintrale diel fan Teksas en it easten fan Meksiko oant yn Noard-Kolombia en West-Fenezuëla. Chloroceryle americana americana – De nominaatfoarm libbet eastlik fan 'e Andes fan Fenezuëla oant yn it noardeasten fan Bolivia, yn it noardlike en sintrale diel fan Brazylje en op Trinidad en Tobago. Chloroceryle americana mathewsii – Libbet yn it suden fan Brazylje, it suden fan Bolivia en it noarden fan Argentynje. Chloroceryle americana cabanisii'' – Hat syn ferspriedingsgebiet fan Kolombia oant Sily westlik fan 'e Andes.

Nêst thumb|left|Wyfke. It briedseizoen fan 'e soarte fariëarret geografysk. In pearke boud in nêst troch in holte te graven, yn 'e regel yn in igge fan ierde by in beek of rivier. De tunnel is oant 1 m djip en einiget yn in lytse nêstkeamer. It nêst bestiet út twa oant seis aaien, dy't yn 19 oant 21 dagen troch it mantsje en it wyfke útbret wurde. Nei likernôch 26 dagen nei it útkommen fan 'e aaien fleane de jonge út. Se bliuwe dan noch in wike as fjouwer by de âlders, oant se út it territoarium ferjage wurde.

Status De wrâldpopulaasje wurdt op 20 miljoen folwoeksen fûgels rûsd (sifers fan 2008). Oannommen wurdt dat wrâldpopulaasje ôfnimt. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre.

Keppeling om utens Birdlife Abird Avibase

Kategory:Griene iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname