Nasjonale Feriening de Zonnebloem is in Nederlânske lanlike frijwilligersorganisaasje dy't him ynset foar minsken mei lichaamlike beheiningen troch sykte, âlderdom, oanbernens of ûngelokken.

De feriening hat goed 1.000 lokale ôfdielingen, werfân sa'n 35 yn Fryslân, dy't yndividueel of yn gearwurking aktiviteiten organisearje. Alle jierren wurde sawat in miljoen besiken oan hûs ôflein by minsken dy't troch in lichaamlike beheining dreech de doar út kinne. Foar tûzenen minsken organisearret de Zonnebloem oanpaste fakânsjes yn Nederlân mei fersoarging en medyske begelieding yn tagonklike akkommodaasjes. It riviercruiseskip MPS De Zonnebloem fart 42 wiken yn it jier troch Nederlân, Dútslân en Belgje.

Skiednis thumb|left|200px|Doop fan de earste MPS De Zonnebloem (1985) De Zonnebloem is ûntstien út in radioprogramma spesjaal foar siken en beheinden. Presintator Alex van Wayenburg begûn der yn 1945 mei by Radio Herrijzend Nederland. In jier letter naam de KRO it programma oer dat yntusken Radioziekenbezoek De Zonnebloem neamd waard. It stribjen fan Van Wayenburg, in maatskippij dêr't mear omtinken yn is foar siken en hendikepten, sloech oan. Op 17 jannewaris 1949 waard de Stifting De Zonnebloem oprjochte. Rûnom yn it lân ûntstiene pleatslike komitees dy't besiken oan hûs koördinearren en oare aktiviteiten fersoargen.

Yn 1964 waard de stifting in feriening mei stypjende leden dy't mei in jierlikse bydrage foar de nedige finânsjes soargen. It tal leden, lykas it tal frijwilligers, naam ta, sadat hieltyd mear aktiviteiten organisearre wurde koene.

Skipsramp Yn april 1975 organiseare de Zonnebloem foar it earst in meardeiske boatreis oer de Ryn nei Dútslân. Om de reis mooglik te meitsjes waard hotelskip MS Prinses Irene hierd fan Rederij Ketel út Sutfen Provinciale Zeeuwse Courant, 22 maart 1969, pagina 26, Krantenbank Zeeland Riedplachte op 29-3-2025. Op 19 april baarnde it hotelskip MS Prinses Irene ôf yn Keulen. It skip fergie en 22 minsken kamen om it libben, wêrûnder 15 gasten en twa frijwilligers. Dagblad van het Noorden, 19-04-1975, Rijnreis gehandicapten eindigt in catastrofe Riedplachte op 29-3-2025 Dagblad van het Noorden, 22-05-1975, Keulse scheepsramp, nu 22 slachtoffers Riedplachte op 29-3-2025 Letter die bliken dat de brân ûntstien wie troch koartsluting.

Earste eigen fakânsjeskip Pas begjin 1980-er jierren organisearre de Zonnebloem wer boatreizen. Earst noch mei ynhierde skippen, mar mei tank oan in tillevyzjeprogramma de 1-2-3-Show dat presentearre waard troch Rudy Carrel koe De Zonnebloem har earste eigen skip bouwe litte. Op 9 febrewaris 1985 waard it skip de MPS De Zonnebloem troch keninginne Beatrix te wetter litten en doopt. Begjin maart dat jier waard it skip yn gebrûk naam.

Begjin 1990-er jierren brochten telefyzjeshows minder jild op en begûn de Zonnebloem foar it earst reklamespotsjes út te stjoeren om 'e aktiviteiten betelber te hâlden. De organisaasje die yntusken mear as húsbesiken en boatreizen, want der waarden ek busreizen en fleanfakânsjes oanbean. Begjin 21e iuw begûn de Zonnebloem him ek te rjochtsjen op jongerein mei in lichaamlike beheining en dêrnjonken wie de organisaasje sûnt mear dwaande mei maatskiplike kwestjes lykas tagonklikens.

Nij fakânsjeskip Ein 2003 beslút de Zonnebloem ta de bou fan in nij fakânsjeskip. Mei in grutte fûnsewervingskampanje yn 2004 waard jild ynsammele foar it nije skip, en yn maaie fan 2005 koe de kyl lein wurde. It 115 meter lange, goed 11 meter brede en hast 10 meter hege skip waard op 20 desimber 2005 yn Hardinxveld-Giessendam troch Keninginne Beatrix doopt. Begjin febrewaris dat 2006 waard it nije skip yn gebrûk naam.

Zonnebloemauto & fyts Sûnt 2014 ferhiert de Zonnebloem sa'n 50 oanpaste auto's ferdield oer Nederlân. Dêrtroch is it foar minsken dy't gebrûk meitsje fan in rolstoel en gjin eigen auto hawwe, mooglik om der mei famylje of freonen op út te tsjen. De auto's binne oanpast foar ferfier fan minsken mei in rolstoel, mar net oanpast foar bestjoering troch minsken mei in beheining. As it nedich is kin der in sjauffeur by hierd wurde.

Yn 2022 is neffens fergelykber konsept ek de Zonnebloemfyts yntrodusearre, mei ferskate typen rolstoelfytsen dy't útliend wurde rûnom yn Nederlân.

Botsing mei frachtskip Yn de iere moarn fan 29 maart 2025 kamen in Nederlânsk frachtskip en it fakânsjeskip fan de Zonnebloem op de Ryn mei inoar yn botsing. Alle 149 opfarrenden, wêrûnder sa'n 69 fakânsjegongers, koene it fakânsjeskip feilich ferlitte. MPS De Zonnebloem rekket slim skansearre oan de boech. NOS.nl, 29-3-2025, Vakantieschip De Zonnebloem loopt averij op in Duitsland Riedplachte op 29-3-2025

Kategory:Soarch Kategory:Goeddiedichheid Kategory:Nederlânske feriening Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1949