De Amazône-iisfûgel (Chloroceryle amazona) is in fûgel yn 'e famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing thumb|left|Mantsje. thumb|left|Wyfkes. De brûnsgriene boppedielen fan folwoeksen mantsjes wurdt troch in wite kraach skieden. Se ha in wyt kin en in wite kiel en in readbrún boarst mei donkergriene kanten en in wite búk mei donkergriene streken op 'e flanken. Folwoeksen wyfkes misse it readbrún op it boarst en it grien fan 'e kanten dêr wreidet him folle mear nei de midden út.
Juvenilen ha in giel plak op 'e snaffel. By jonge mantsjes is it read folle minder oanwêzich.
De Amazône-iisfûgel is in soarte dy't allinnich of yn pearkes sjoen wurdt, faak sittend op triedden of peallen. It formaat is te ferlikenjen mei de bâniisfûgel, mar de Amazône-iisfûgel hat in brûnsgriene kop en boppedielen. Ek is de swarte snaffel fan 'e Amazône-iisfûgel folle grutter en hat de soarte in gruttere túf. De griene iisfûgel is folle lytser en hat wite plakken en streken op 'e wjukken.
Fersprieding De soarte komt fan it noarden fan Meksiko (yn 'e steaten Sinaloa en Tamaulipas) oant Sintraal-Argentynje foar. Yn Súd-Amearika wurde se yn alle lannen beëasten de Andes sjoen, útsein Sily. Yn it suden fan Teksas is de soarte in dwaalgast. Se libje by grutte, stadich streamende rivieren en oan beboske wetterkanten. Ut en troch wurde se ek waarnommen by brak wetter, mangrovebosken en estuaria. Se ha earder in foarkar foar in iepen lânskip as tichte bosken. Yn 'e regel libje se oant 1.200 m boppe seenivo, mar yn Fenezuëla wol oant 2.500 m boppe seenivo.
Nêst Mantsjes en wyfkes grave in oant 1,6 m djippe trochgong yn in ierde oan 'e rivier, dy't einiget yn in nêstkeamer. In lechsel bestiet út 3-4 aaien. Nachts briede yn 'e regel de wyfkes, mantsjes dogge dat oerdeis.
Status Op 'e Reade list fan 'e IUCN is de soarte as net bedrige klassifisearre. Yn 2019 waard de wrâldpopulaasje op 500-000 - 5.000.000 fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme.
Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase
Kategory:Griene iisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname