Aladár Tibor Gerevich (Miskolc, 16 maart 1910 - Bûdapest, 14 maaie 1991) wie in Hongaarsk skermer.
Hy die meardere kearen mei oan de wrâldkampioenskippen, en seis kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932, 1936, 1948, 1952, 1956 en 1960). Hy waard by dizze kampioenskippen fjirtjin kear wrâldkampioen, en sân kear Olympysk kampioen.
Yn 1938 boaske Gerevich mei skermster Erna Bogen dy't brûns wûn yn 1932, harren soan Pál Gerevich wûn ek twa olympyske medaljes. Aladár Gerevich ferstoar op 14 maaie 1991, yn 'e âldens fan 81 jier.
Kategory:Hongaarsk skermer Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1991