Hendrika Wilhelmina (Rie) Mastenbroek (Rotterdam, 26 febrewaris 1919 - Dêre, 6 novimber 2003) wie in Nederlânsk swimster.

Sy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Berlyn Olympysk kampioene op de 100 en de 400 meter frije slach en mei it Nederlânske estafetteteam op de 4x100 meter frije Slach. Yn 1934 waard sy yn Magdeburg trijefâldich Europeeske kampioene.

Nei de Olympyske Spullen fan 1936 yn Berlyn krige Mastenbroek spul mei har trainster, en hold op mei wedstriidswimmen. Yn 1937 kaam se yn tsjinst as swiminstrukturise. Dêrop naam it swimbûn har de amateurstatus, wêrtroch't se net mear meidwaan koe oan ynternasjonale wedstriden.

Mastenbroek boaske yn april 1939 mei Cor Kuijpers se krige mei him twa bêrn, foar it houlik yn 1945 op 'e non rûn. Letter krige de allinnichsteande Mastenbroek noch in soan.

Yn 1962 liet se ien fan har gouden olympyske medaljes by opbod ferkeapje yn it ramt fan de woldiedichheidsaksje Open het Dorp fan Mies Bouwman. It wie de bedoeling om jild yn te sammeljen foar de bou fan Het Dorp, in hendikeptewyk yn Arnhim.

Yn 1975 boaske se mei in widner. Rie Mastenbroek ferstoar op 6 novimber 2003, yn 'e âldens fan 84 jier.

Kategory:Nederlânsk swimmer Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1919 Kategory:Persoan stoarn yn 2003