Adolph Gustav Kiefer (Chicago, 27 juny 1918 - Wadsworth, 5 maaie 2017) wie in Amerikaansk swimmer.
Kiefer waard berne as soan fan Dútske ymmigranten yn Chicago, Illinois. Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen op de 100 meter Rêchslach.
Kiefer gie ein 1943 by de Amerikaanske Marine, tsjin'e ein fan'e kriich hie er de rang fan luitenant. Yn 1947 rjochte er in bedriuw yn Chicago op, dat swimmers foarseach fan útrissing foar training, feiligens en wedstriden.
Adolph Kiefer ferstoar op 5 maaie 2017, yn 'e âldens fan 98 jier.
Kategory:Amerikaansk swimmer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk ofsier Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 2017