Hideko Maehata (Hashimoto, 20 maaie 1914 - 24 febrewaris 1995) wie in Japansk swimster.
Sy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympyske kampioene op de 200 meter skoalslach, yn Los Angeles fjouwer jier earder hie se it sulver wûn op itselde ûnderdiel. Se wie de earste froulike Olympyske kampioene fan Japan, har medalje gie ferlern yn de Twadde Wrâldkriich.
Yn 1937 boaske Maehata mei in professor yn de genêskunde. Hideko Maehata ferstoar op 24 febrewaris 1995, yn 'e âldens fan 81 jier, oan akút nierfalen.
Kategory:Japansk swimmer Kategory:Japansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1914 Kategory:Persoan stoarn yn 1995