Ferenc Lajos Csík (Kaposvár, 12 desimber 1913 - Sopron, 29 maart 1945) wie in Hongaarsk swimmer.
Ferenc Csik, waans heit stoar yn de Earste Wrâldkriich, waard berne as Ferenc Lengvári. Hy feroare yn 1924 syn efternamme yn Csik, nei de namme fan syn styfheit (László Csik, in dokter út Bûdapest).
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen op de 100 meter frije slach. Mei it Hongaarske estafetteteam wûn er ek noch in brûnzen medalje op de 4x200 meter Frije Slach. Yn 1934 waard er yn Magdeburg Europeesk kampioen op de 100 meter frije slach en de 4x200 m frije slach estafette.
Nei syn middelbere skoalle yn Keszthely studearre Csik genêskunde yn Bûdapest. Hy studearre yn 1937 ôf. Csik stoar op 29 maart 1945 yn yn 'e âldens fan 31 jier by in loftoanfal op Sopron wylst er yn syn hoedanichheid as dokter in ferwûne man oan it helpen wie.
Kategory:Hongaarsk swimmer Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Hongaarsk dokter Kategory:Persoan dy't omkommen is by in bombardemint Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1945