De koskorobaswan (Coscoroba coscoroba) is in lytse swan en de iennige fan it skaai koskorobaswannen (Coscoroba). De swan hat de namme te tankjen oan 'e oarspronklike bewenners fan Súd-Amearika, dy't de swan ferneamden nei it lûd as er tsjetteret: kos-ko-ro-oa.
Beskriuwing thumb|left|Koskorobaswan yn 'e flecht. Kokorobaswannen wurde likernôch 90 sm lang en binne hielendal wyt mei op 'e bûtenste grutte wjukfearren swarte einen. De snaffel is read en de poaten binne rôze. Mantsjes ha in oranjegiele oant ljochte iris, wylst wyfkes earder in brúneftich iris ha. Wyfkes binne wat lytser as mantsjes.
De soarte wurdt likernôch 20 jier âld.
Fersprieding Se libje yn it suden fan Súd-Amearika en op 'e Falklâneilannen yn sompen en op marren. De fûgels oerwinterje yn Sily en it noardeasten fan Argentynje nei't hja yn it briedgebiet ferfearre binne. Sûnt 2001 briedt de fûgel foar it earst sûnt 1860 wer op 'e Falklâneilannen.
Gedrach De swannen libje fan gers en lytse wetterplanten, oanfolle mei weakdieren en lytse fisken.
Pearkes bliuwe in libben lang trou oan inoar. Se briede yn 'e sompen fan it súdlikste stik fan it kontinint. It wyfke leit fiif oant njoggen aaien, dy't yn goed in moanne útbret wurde. It mantsje helpt by it grutbringen fan 'e piken.
Status De IUCN beöardielet de soarte op 'e Reade list as net bedrige. Neffings in rûzing út 2009 bestiet de populaasje út 10.000 oant 25.000 fûgels (6.700 oant 17.000 folwoeksen fûgels).
Keppeling om utens Birdlife, oproppen 6 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 6 febrewaris 2025. Avibase, oproppen 6 febrewaris 2025.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Koskorobaswan Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay