Endre Kabos (Oradea Roemeenje, 5 novimber 1906 - Bûdapest, 4 novimber 1944) wie in Hongaarsk skermer.

Hy die meardere kearen mei oan de wrâldkampioenskippen, en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen seis kear wrâldkampioen, en trije kear Olympysk kampioen.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de Joadske Kabos, nei in wurkkamp yn Vas, stjoerd. Hy waard opmurken troch in wachter dy't him werkende as Olympysk kampioen en regele syn transport nei Bûdapest, dêr't Kabos as sjauffeur foar it leger wurke. Yn novimber 1944 ried Kabos mei in munysjewein oer de Margarethabrêge dy't Boeda mei Pest ferbûn doe't de brêge ferneatige waard troch in eksploazje fan in bom dy't troch de Pylkkrusers pleatst wie. Endre Kabos ferstoar op 4 novimber 1944, yn 'e âldens fan 37 jier, as gefolch fan de eksploazje of troch de fal yn de Donau.

Kategory:Hongaarsk skermer Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Hongaarsk frachtweinsjauffeur Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1944