László Rajcsányi (Bûdapest, 16 febrewaris 1907 - Dêre, 5 septimber 1992) wie in Hongaarsk skermer.

Hy die meardere kearen mei oan de wrâldkampioenskippen, en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1936, 1948 en 1952). Hy waard by dizze kampioenskippen seis kear wrâldkampioen, en trije kear Olympysk kampioen.

Yn 1930 studearre Rajcsányi oan de Technyske Universiteit fan Bûdapest ôf yn de wurktúchboukunde. Fan 1934 oant 1972 wie er wurksum as technysk haadadviseur en dêrnei as haadyngenieur. László Rajcsányi ferstoar op 5 septimber 1992, yn 'e âldens fan 85 jier.

Kategory:Hongaarsk skermer Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Hongaarsk yngenieur Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1992