Imre György Rajczy (Bûdapest, 8 novimber 1911 - Buenos Aires Argentynje, 31 maart 1978) wie in Hongaarsk skermer.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen mei it Hongaarske team op it ûnderdiel sabel. Mei it Hongaarske team waard er yn 1937 yn Parys ek wrâldkampioen.

Nei de Twadde Wrâldkriich emigrearre Rajczy nei Argentynje. Imre Rajczy ferstoar op 31 maart 1978 yn 'e âldens fan 66 jier.

Kategory:Hongaarsk skermer Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Argentynsk persoan fan Hongaarsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1978