thumb| Flagge fan Achkarspelen De flagge fan Achtkarspelen is de flagge fan de gemeente Achtkarspelen. De flagge waard op 28 april 1958 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Trije banen fan read, wyt en grien, wêrfan't de hichten har ferhâlde as 1:4:1, mei yn de wite baan in achtpuntige blauwe stjer, 1/12 fan de flaggelingte ferwidere fan de broekside, de boppeste baan en de ûnderste baan.

De kleuren komme út it wapen fan Achtkarspelen.

Symbolyk Blauwe achtpuntige stjer: ferwiist nei de oarspronklike acht karspelen fan Achtkarspelen: Bûtenpost, Droegeham, Koartwâld, De Koaten, Lytsepost, Stynsgea, Surhuzum en Twizel.

Doarpsflaggen Alle 12 doarpen yn de gemeente Achtkarspelen hawwe in eigen doarpsflagge. De doarpen Gerkeskleaster en Strobos (Gerkeskleaster-Strobos) diel in flagge.

Sjoch ek

Kategory:Achtkarspelen Achtkarspelen