De Norfolkkaka (Nestor productus) wie in fûgelsoarte út de lytse boppefamylje Nijseelânske pappegaaien (Strigopoidea). De fûgel libbe op 'e rotsen en yn beamtoppen op Norfolk Island en it oanbuorjende Phillip Island en wie besibbe oan 'e Nijseelânske kaka. De Norfolkkaka is yn 1851 útstoarn.

Utsjerren thumb|left|Fûgel yn Naturalis, Leien. Nei de ûntdekking fan 'e fûgel troch James Coop op 10 oktober 1774 waard de fûgel troch Johann Reinhold Forster en syn soan George beskreaun. Foardat de Europeanen op it eilân kamen, waard de fûgel troch de Polyneezyske befolking op it eilân om it iten bejage.

Doe't yn 1788 de earste Europeanen op it eilân oankamen bejaagden dy ek de fûgels om se op te iten of as hûsdier te hâlden. De fûgel hie swier te lijen fan it ynrjochtsjen fan in strafkoloanje op it eilân tusken 1788 en 1814 en letter nochris tusken 1825 en 1854.

Nei alle gedachten is de fûgel yn 'e tiid fan 'e twadde strafkoloanje yn it wyld útstoarn. Ensign Abel D. W. Best fermelde de fûgel net yn syn deiboek doe't er yn 'e jierren 1838/1839 op Norfolk en Phillip Island wie. Best samle eksimplaren foar ornitology en it wol net oan dat hy de Norfolkkara oersloech as dy doe noch libbe hie.

De lêste fûgel ferstoar yn 1851 yn finzenskip yn Londen. Fan 'e fûgel binne teminsten 16 hûden bewarre bleaun, wêrfan twa yn Naturalis yn Leien en ien yn it Soölogysk Museum fan Amsterdam.

Beskriuwing thumb|Norfolk kaka Birmingham|thumb|left|Opstoppe fûgel yn it besit fan Birmingham Museums Trust. De likernôch 38 sm lange fûgel wie boppe foar it measte oliifbrún, hie oranje wangen en in oranje kiel, in giel boarst, giele flanken en in gieleftige stút en in donkeroranje ûnderbúk.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kakapofûgel Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Bist útstoarn yn 1851 Kategory:Lânseigen fauna yn Norfolk (eilân)