De Chathamkaka (Nestor chathamensis) is in útstoarne pappegaai dy't eartiids endemysk wie op de Chathameilannen beëasten Nij-Seelân. Ynearsten waard tocht dat it gyng om de Nij-Seelânske kaka (Nestor meridionalis), mar nei yngreven ûndersyk fan 'e subfossilen waard konkludearre dat de fûgel in aparte endemyske soarte wie. Hûndertfyftich jier nei de komst fan 'e earste Polyneezjers op 'e eilannen, om 1500 hinne, stoar de fûgel tusken 1500 en 1650 út, dus noch lang foardat de Europeanen oankamen. Fan 'e fûgel binne gjin beskriuwingen of hûden bewarre bleaun.
Beskriuwing De fûgel libbe yn bosken en wie likernôch like grut as de ûndersoarte fan it Noardereilân fan 'e kaka, Nestor meridionalis septentrionalis. It bekken wie folle breder, de poaten wiene grutter en de snaffel siet tusken de snaffel fan 'e kea en de kaka yn.
Om't de fûgel grutter as de Nij-Seelânske falk wie, hie de Chathamkaka gjin natuerlike fijannen. Oannommen wurdt dat er min fleane koe en dat makke him kwetsber foar de jacht nei't de Polyneezjers op 'e eilannen lannen.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kakapofûgel Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Bist útstoarn yn de 17e iuw Kategory:Lânseigen fauna yn de Chathameilannen