thumb| Wapen fan Baard It wapen fan Baard is it wapen fan it doarp Baard, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Dield: I. yn blau yn it skyldhaad in gouden seispuntige stjer; II. yn read yn it skyldhaad in gouden seispuntige stjer en oer alles hinne in sulveren leelje en inrinnend sulveren laam, ûnder inoar pleatst.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, kiel (read) en sulver.

Symbolyk

Blau fjild: oernommen út it wapen fan Baarderadiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk haadplak fan wie. Read fjild: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Dekema, dy't by it doarp de Dekemastate bewenne. Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Dekema. Seispuntige stjerren: oernommen út it wapen fan Baarderadiel. Laam: symboal foar de pleatslike fermanje, de âldste fan Fryslân. It laam ferwiist ek nei de feehâlderij yn it doarp.

Sjoch ek

Baard Kategory:Baard