thumb| Flagge fan Wjelsryp De flagge fan Wjelsryp is de flagge fan it doarp Wjelsryp, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2000 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

In blauwe fairklok wêrfan de basis de hiele flechtside beslein en de top de broekside rekket; boppe en ûnder de fairklok in wite baan fan 1/10 flaggehichte, meirinnend mei de banen fan de fairklok. De banen boppe en ûnder oan de flagge read; op de skiedingsline fan de broeking en de flecht (op 1/3 flaggelingte) yn it blau in wite ring me in diameter gelyk oan 2/5 flaggehichte, en in dikte fan 1/15 flaggehichte, dêryn in seispuntige stjer, de punten dêrfan rekket de binnenkant fan de ring.

De kleuren komme út it wapen fan Wjelsryp.

Symbolyk

Yndieling flagge: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn de noardlike punt fan Hinnaarderadiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp part fan wie. Ek ferwiist it nei de tsjerketoer fan de Ursulatsjerke fan Wjelsryp. Ring mei seispuntige stjer: ferwiist nei it doarp. Dêrby ferwiist it nei de stiftingskiednes fan de Ursulatsjerke. Wite fjilden: ferwiist nei de buorskippen dy't yn de himrik fan Wjelsryp lizze: De Westerein en De Oasterein. Reade fjilden: ferwiist nei de reade klavers út it wapen fan Wjelsryp. Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Westergoa en Hinnaarderadiel

Sjoch ek

Wjelsryp Kategory:Wjelsryp