Frank Clifford Wykoff (Des Moines, 29 oktober 1909 - Altadena, 1 jannewaris 1980) wie in Amerikaanske atleet.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928 1932 en 1936). Hy waard alle trije kear Olympysk kampioen op de 4x100 meter estafette. It wrâldrekôr fan 39.8 wêrmei't Jesse Owens, Ralph Metcalfe, Foy Draper en Wykoff yn 1936 olympysk kampioen waarden, bleau tweintich jier oerein.

Nei it beheljen fan syn master's, waard Wykoff learaar en administrateur by de Los Angeles County skoalle en wurke dêr oant syn pensjonearring yn 1972. Frank Wykoff ferstoar op 1 jannewaris 1980, yn 'e âldens fan 70 jier.

Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1980