thumb| Wapen fan De Tynje It wapen fan De Tynje is it wapen fan it doarp De Tynje, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1994 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Skean trochsneid fan sulver en sinopel, belein mei sân linkerskeanbalken fan it ien yn it oare; oan de boppeside fan de dielingsline in dwersbalke fan kiel, wêrop fjouwer punten fan itselde. Wapenspreuk: "In doarp riist ut'e puollen" fan griene haadletters op in wyt lint.

De heraldyske kleuren binne: sulver, sinopel (grien), kiel (read) en sabel (swart).

Symbolyk

Griene en wite skeanbalken: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp. Reade haadbalke: ferwiist nei it doarp dy't opriist út it wiete fean. Dielline: ferwiist nei de haadwei fan it doarp. Wapenspreuk: wei al langer bekend en hat as basis tsjinne foar it wapen.

Sjoch ek

Tinje, De Kategory:De Tynje