thumb| Flagge fan Easterwierrum De flagge fan Easterwierrum is de flagge fan it doarp Easterwierrum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1995 registrearre.

It ûntwerp is fan P. Bultsma.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Grien, mei in giele ynknikte broekingstrijehoeke oant de flechtside, troch út de hoeken wei earst de flaggediagonaal oan in fjirde flaggelingte te folgjen, op it giel in ôfsneid swarte hynsteholle fan ûngefear 7/15 flaggelingte.

De kleuren komme út it wapen fan Easterwierrum.

Symbolyk

Broekingstrijehoeke: ferbyldet de Toer fan Easterwierrum. Griene fjilden: oernommen út it de griene terp fan it wapen fan Easterwierrum. Hynsteholle: ferwiist nei de hynstemerk fan Easterwierrum.

Sjoch ek

Easterwierrum Kategory:Easterwierrum