thumb| Flagge fan Raerd De flagge fan Raerd is de flagge fan it doarp Raerd, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1986 registrearre.

By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan wyt en read, ferhâlding fan lingten 2:1; yn de wite baan in reade roas.

De kleuren komme út it wapen fan Raerd.

Symbolyk

Roas: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Jongema, dy't by it doarp de Jongemastate bewenne. Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Raerderhim, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.

Sjoch ek

Kategory:Kultuer yn Súdwest-Fryslân Raerd Kategory:Raerd