Helen Herring Stephens (Fulton, 3 febrewaris 1918 - St. Louis, 17 jannewaris 1994) wie in Amerikaanske sprintster.
Sy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Berlyn twafâldich Olympysk kampioene, op de 4x100 meter estafette mei Harriet Bland, Annette Rogers en Betty Robinson en yndividueel op de 100 meter.
Stephens hâlde koart op nei de spullen op mei atletyk en spile profesjoneel honkbal en softbal. Fan 1938 oant 1952 hie se har eigen semy-profesjonele basketbalteam; se wie de earste frou dy't in semy-profesjoneel basketbalteam hie. Helen Stephens ferstoar op 17 jannewaris 1994, yn 'e âldens fan 75 jier.
Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk honkballer Kategory:Amerikaansk softballer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 1994