Frederick Ferdinand (Freddie) Wolff (Britsk Hongkong, 13 oktober 1910 - Londen, 26 jannewaris 1988) wie in Ingelsk sprinter.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen.Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, op de 4x400 meter estafette mei Godfrey Rampling, William Roberts en Godfrey Brown yn 3.09,0.
Wolff hâlde koart op nei de spullen op mei atletyk. Al foar de Spullen fan 1936 wie er yn 1929 it famyljebedriuw Rudolf Wolff & Co. gean wurkjen. Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne Wolff yn de Oxfordshire and Buckinghamshire Light Infantry en waard befoardere ta de rang fan Kaptein. Wolff foege him yn 1946 wer by Rudolf Wolff & Co. en waard partner yn 1951. Wolff wie boaske mei in dochter fan de Amerikaanske skriuwster Mary Freeman Byrne, it pear krige fiif bêrn. Frederick Wolff ferstoar op 26 jannewaris 1988, yn 'e âldens fan 77 jier.
Kategory:Ingelsk sprinter Kategory:Ingelsk Olympysk kampioen Kategory:Ingelsk ofsier Kategory:Britsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1988