John Youie Woodruff (Connellsville, 5 july 1915 - Fountain Hills, 30 oktober 2007) wie in Amerikaansk atleet.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, op de 800 meter yn 1:52.9. Yn 1941 gie er as twadde luitenant yn it leger en ferliet it leger yn 1945 as kaptein. Yn'e Koreaanske Oarloch waard er op 'e nij militêr en yn 1957 waard er befoardere ta luitenant-kolonel. Dêrnei wurke er by de Children's Aid Society yn New York as learaar.
John Woodruff ferstoar op 30 oktober 2007, yn 'e âldens fan 92 jier. By syn ferstjerren wie er de lêste noch libjende Amerikaanske goudenmedaljewinner fan de Olympyske Spullen yn 1936.
Kategory:Amerikaansk middellange-ôfstânsdraver Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk militêr yn de Koreaanske Oarloch Kategory:Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk militêr fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 2007