Volmari Fritijof (Vomma) Iso-Hollo (Ylöjärvi, 5 jannewaris 1907 - Heinola, 23 juny 1969) wie in Finsk horderinner.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1932 en 1936). Hy waard twa kear olympysk kampioen op de 3000 meter steeplechase. By de Spullen fan 1932 yn Los Angeles hie Iso-Hollo mooglik in wrâldrekôr fêstige, mar troch in flater fan in skiedsrochter waard de 3000 meter steeplechase in rûnte langer. De man hie him by it tellen in omgong fersint. Dêrmei wie dizze steeplechase net 3000 meter mar 3460 meter. In dei letter wûn er op de 10.000 meter hurdrinnen in sulveren medalje, yn 1936 behelle er in brûnzen medalje op dy ôfstân.

Volmari Iso-Hollo ferstoar op 23 juny 1969 yn 'e âldens fan 62 jier

Kategory:Finsk horderinner Kategory:Finsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1969