Cornelius (Corny) Cooper Johnson (Los Angeles, 21 augustus 1913 - Kalifornje, 15 febrewaris 1946) wie in Amerikaansk heechspringer.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1932 en 1936). Hy waard yn 1936 ien kear Olympysk kampioen by it heechspringen mei in olympysk rekôr fan 2.03 meter.

Yn 1938 beëinige Johnson syn sportkarriêre. Hjirnei waard er yn tsjinst by de Amerikaanske posterijen yn Los Angeles en yn 1945 kaam er yn tsjinst by de Amerikaanske Marine. Cornelius Johnson ferstoar op 15 febrewaris 1946, yn 'e âldens fan 32 jier, oan de gefolgen fan in longûntstekking, hy wie doe wurksem as skipsbakker oan board fan de Santa Cruz fan rederij Grace Lines.

Kategory:Amerikaansk heechspringer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1946