Karl Hein (Hamburg, 11 juny 1908 - Dêre, 10 july 1982) wie in Dútsk kûgelslingerder.
Hy die ien kear mei oan it Europeesk kampioenskip, en de Olympyske Simmerspullen yn 1936. Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympysk kampioen, mei in olympysk rekôr fan 56.49 meter, en yn 1938 Europeesk kampioen mei in ôfstân fan 58.77 meter. Hy waard ek fiif kear Dútsk kampioen.
Nei de Twadde Wrâldkriich bleau er noch lange tiid yn de wedstriidsport aktyf. Karl Hein ferstoar op 10 july 1982, yn 'e âldens fan 74 jier, oan de gefolgen fan in oerhaal.
Kategory:Dútsk kûgelslingerder Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1982