Glenn Edward Morris (St. Louis, 18 juny 1912 - Burlingame, 31 jannewaris 1974) wie in Amerikaansk atleet dy't útkaam op de mearkamp.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen op de tsienkamp. Nei oanlieding fan syn prestaasjes yn Berlyn krige Morris in filmrol oanbean yn de Tarzan film Tarzan's Revenge dy't yn 1938 útkaam. Morris syn aventoer yn Hollywood bleau by dizze film. Yn de Twadde Wrâldkriich siet Morris by de Amerikaanske marine, dêr't er ûnder mear foar aktyf wie yn de Grutte Oseaan. Nei de kriich hie er ferskate lytse baantsjes, en hat twa kear boaske west. Glenn Morris ferstoar op 31 jannewaris 1974, yn 'e âldens fan 61 jier.
Kategory:Amerikaansk mearkamper Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk matroas (militêr) Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1974