Bonjour tristesse (Frânsk, lykernôch "Goendei fertriet") is in roman fan de Frânske skriuwster Françoise Sagan út 1954, útjûn troch Éditions Julliard yn Parys. It is in ferhaal yn twa bannen, mar der is nea in Fryske ferzje fan útbrocht.
Ynhâld Cécile, út Parys bringt de simmer fan har santjinde jier troch oan 'e Côte d'Azur mei har heit fan fjirtich, Raymond, en syn leafste fan dat stuit, Elsa. Raymond behannelet syn dochter lykwols net as tienerbern, mar as noch in folwoeksene mear. As der dan perslot in serieuze houlikspartner, Anne, foarby komt, spylje beide oare froulju dêrtsjin yn, mei in minne ôfrin.
Heit en dochter geane úteinlik werom nei har lege libbentsje sa't it wie foardat Anne harren simmer fersteurde.
Wurdearring De roman krige yn 1954 de Prix des Critiques. Yn 1958 waard it boek ferfilme, mei deselde titel, mei artysten as Geoffrey Horne, Deborah Kerr, Jean Seberg, en David Niven. Bonjour tristesse waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Literêr wurk fan Françoise Sagan Kategory:Frânsktalige roman Kategory:Roman út 1954 Kategory:Literatuer oer famyljerelaasjes Kategory:Literatuer oer heiten en dochters Kategory:Literatuer oer seksualiteit Kategory:Literatuer oer selsmoard