Hermann Ernst Ihbe (Erlbach, 20 desimber 1913 - Leipzig, 30 augustus 1992) wie in Dútsk baanhurdfytser.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn mei Carl Lorenz Olympysk kampioen op de tandem.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard er oproppen foar de Wehrmacht wêrtroch't syn karriêre fan 1939 oant 1945 ûnderbrutsen waard. Nei syn weromkommen út kriichsfinzenskip yn 1945 besocht Ihbe prof te wurden, it bleau sûnder sukses. Letter wurke er as hurdfytscoach by ferskate klups. Ernst Ihbe ferstoar op 30 augustus 1992, yn 'e âldens fan 78 jier.
Kategory:Dútsk baanhurdfytser Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1992