Robert Charpentier (Maule, 4 april 1916 - Issy-les-Moulineaux, 29 oktober 1966) wie in Frânsk hurdfytser en trijefâldich Olympysk kampioen.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen hy kaam sawol út op de dyk en de baan. Op de baan waard hy yn Berlyn Olympysk kampioen op de Efterfolging mei Roger-Jean Le Nizerhy, Jean Goujon en Guy Lapébie. Op de dyk wûn hy de dykwedstriid en mei Guy Lapébie en Robert Dorgebray wûn hy de dykwedstriid foar lannen. Yn 1937 waard er prof op de dyk en ried yn 1947 de Omgong fan Frankryk. Hy hold yn 1951 op mei hurdfytsen. Robert Charpentier ferstoar op 29 oktober 1966, yn 'e âldens fan 50 jier.
Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk
1947 - net finisht;
Ploegen 1937 - Alcyon-Dunlop 1946-1947 - Hutchinson 1948-1949 - Dunlop 1950-1951 - J.B. Louvet
Kategory:Frânsk baanhurdfytser Kategory:Frânsk hurdfytser Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 1966