It Ochotskreidimerke (Helopsaltes ochotensis, synonym: Locustella ochotensis) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae) út it skaai imerkesjongers (Helopsaltes).

De namme ferwiist nei de See fan Ochotsk. Yn 'e gebieten om dy see hinne briedt de soarte.

Fersprieding en ûndersoarten De soarte is yn twa ûndersoarten te ferdielen:

Helopsaltes ochotensis (ochotensis): – simmerdei fan East-Sibearje oant it noardwesten fan Japan, winterdeis op 'e Filipinen, Borneo en Sulawesi. Helopsaltes ochotensis (subcerthiola) – simmerdeis op it skiereilân Kamtsjatka, de noardlike Koerilen; winterdeis op 'e Filipinen.

Status Der binne gjin rûzings fan 'e wrâldpopulaasje fan 'e fûgel. Oannommen wurdt lykwols dat it oantal ôfnimt. De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en de ôfname giet net hiel hurd. Dêrom kategorisearret de IUCN de fûgel as net bedrige.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Imerkesjonger Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan