It Koreaansk reidimerke (Helopsaltes pleskei, synonym: Locustella pleskei) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae) út it skaai imerkesjongers (Helopsaltes).

Oant 2018 wie de fûgel yndield yn it skaai strûksjongers (Locustella). In yn 2018 publisearre molekulêr fylogenetyske stúdzje fan 'e famylje fan 'e imerkesjongerfûgels wiisde út dat it skaai Locustella út twa klades bestie. Mei fiif oare soarten ferhûze it Koreaansk reidimerke nei it nije skaai Helopsaltes.

Beskriuwing De 13 oant 14 sm lange fûgel hat in effen brune boppekant en in blekere búk. Koreaanske reidimerkes ha de minst konstrastearjende wynbraustreek fan 'e Aziatyske reidimerkes.Ebird, oproppen 15 jannewaris 2025.

Fersprieding De soarte libbet yn it easten fan Aazje fan it eastlikste Sibearje oant Koreä, Kyushu en de Izu-eilannen. De fûgel oerwinteret yn it suden fan Sina.

Status De totale populaasje wurdt lytser as 10.000 fûgels rûsd. De wiete gebieten fan syn winterferbliuw wurde ferneatige en de fûgel rekket ek briedgebieten op guon eilannen kwyt. Der wurdt oannommen dat de oantallen tebekrinne en dêrom wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich klassifisearre.

Kategory:Imerkesjonger Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan