Hans-Otto Woellke (Bischofsburg, 18 febrewaris 1911 - Khatyn, 22 maart 1943) wie in Dútsk kûgelstjitter.
Hy die twa kear mei oan it Europeesk kampioenskip, en ien kear oan de Olympyske Simmerspullen yn 1936. Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympysk kampioen mei in olympysk rekôr fan 16.20 meter, en behelle yn 1938 yn Parys by it Europeesk kampioenskip in brûnzen medalje.
Woellke tsjinne ûnder de Twadde Wrâldkriich by de Waffen-SS, wêrby't er Finzenbewarder wie by Operaasje Barbarossa Hy waard dêrby rekke troch fijanlik fjoer fan seis kilometer ôfstân. Hans Woellke ferstoar op 22 maart 1943, yn 'e âldens fan 32 jier.
Kategory:Dútsk kûgelstjitter Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútsk faksist Kategory:Lid fan de Waffen-SS Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1943