It Sibearysk reidimerke (Helopsaltes certhiola, synonym: Locustella certhiola) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae) út it skaai imerkesjongers (Helopsaltes).

Oant 2018 wie de fûgel yndield yn it skaai strûksjongers (Locustella). In yn 2018 publisearre molekulêr fylogenetyske stúdzje fan 'e famylje fan 'e imerkesjongerfûgels wiisde út dat it skaai Locustella út twa klades bestie. Mei fiif oare soarten ferhûze it Sibearysk reidimerke nei it nije skaai Helopsaltes.

Fersprieding Sibearyske reidimerkes komme yn it easten fan Aazje foar. De fûgels wurdt oantroffen yn heech gers by sompen en wiete greiden. Winterdeis migrearje de fûgels nei Súd- en Súdeast-Aazje.

Lykas de oare soarten fan 'e famylje is de fûgel dreech te sjen en libbet er yn 'e begroeiïng.

De fûgel is in tige seldsume dwaalgast yn Europa. Yn septimber 2024 waard de soarte troch it fûgelringstasjon yn 'e Kroon's Polders op Flylân oantroffen.Waarneming.nl, waarnimming mei bewiis, oproppen 14 jannewaris 2024.

Undersoarten Der binne fan it skaai fjouwer ûndersoarten:Avibase, oproppen 14 jannewaris 2025

H. c. certhiola: fan Súd-Sibearje oant Mantsjoerije en de Japanske See, winterdeis nei Yndia. H. c. sparsimstriata: fan Súd-Sibearje oant it noardlike Altai-berchtme, de bergen fan Sajan en Transbaikaalje. H. c. centralasiae: fan súdeastlik Sibearje oant noardeastlik Sina, winterdeis nei de Andamanen en de Nikobaren. H. c. rubescens: noardlik Sibearje oant de See fan Ochotsk en Kamtsjatka, winterdeis nei Súd-Yndia.

Guon ûnderskiede in fyfte ûndersoarte, de H.c. minor, mei in fersprieding yn Amoerlân en it noardeasten fan Sina.

Status Der bestiet gjin rûzing fan 'e totale populaasje, mar de soarte wurdt as algemien en lokaal sels talryk beskreaun (1997). Oannommen wurdt dat it oantal fûgels ôfnimt troch de oanhâldende ferneatiging fan syn leefgebiet, mar net sa slim dat er bedrige wurdt.

Kategory:Imerkesjonger Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren