Trebisonda (Ondina) Valla (Bologna, 20 maaie 1916 - L'Aquila, 16 oktober 2006) wie in Italjaansk atlete.

Sy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Berlyn Olympysk kampioene, op de 80 meter horden yn in Olympysk rekôr fan 11.7. Valla wie de earste Italjaanske frou ea dy't in Olympyske gouden medalje wûn. Mei it Italjaanske 4x100 meter estafette team einige sy as fjirde. Trebisonda Valla ferstoar op 16 oktober 2006, yn 'e âldens fan 90 jier.

Kategory:Italjaansk sprinter Kategory:Italjaansk horderinner Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 2006