Gunnar Mikael Höckert (Helsinki, 12 febrewaris 1910 - Johannes, 11 febrewaris 1940) wie in Finsk atleet.
Hy die yn 1936 mei oan de Olympyske Simmerpullen yn Berlyn en waard olympysk kampioen op de 5000 meter mei in olympysk rekôr fan 14:22.2.
Höckert tsjinne foar it Finske leger yn 'e winteroarloch en sneuvele op 11 febrewaris 1940 yn 'e âldens fan 29 jier, in dei foar syn tritichste jierdei yn de buert fan Johannes, it hjoeddeiske Sovetsky op de Karelyske Lâningte.
Kategory:Finsk lange-ôfstânsdraver Kategory:Finsk Olympysk kampioen Kategory:Finsk militêr yn de Winteroarloch Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1940