thumb| Flagge fan Goutum De flagge fan Goutum is de flagge fan it doarp Goutum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 1994 registrearre.
It ûntwerp is fan Rudolf J. Broersma.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
In blauwe broeking mei in lingte gelyk oan 1/3 flaggehichte; de flecht yn twa banen wyt-read, de dielline mei trije kantielen mei in kantieldjipte, gelyk oan 1/4 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Goutum.
Symbolyk
Blauwe broeking: stiet foar it Van Harinxmakanaal dy't noardlik fan it doarp rint. Trije kantielen: ferwize nei de trije staten dy't it doarp ryk wie: de Drinkuitsmastate, de Burmaniastate en de Schenkinsmastate.
Sjoch ek
Goutum Kategory:Goutum