thumb| Flagge fan Boazum De flagge fan Boazum is de flagge fan it doarp Boazum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûnwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Giel mei in blau rút, de rannen fan de flagge reitsjend, en op it blau in wite steande raam; de giele flakken oan de broekside skean dield, wêrfan by it boppeste flak de dielline rint fan 3/4 flaggehichte oant 1/4 flaggelingte oan de boppeside fan de flagge, en by it ûnderste flak fan 1/4 flaggehichte oan de ûnderside fan de flagge, de flakken oan de broekside grien.
De kleuren komme út it wapen fan Boazum.
Symbolyk
Raam: oernommen út it wapen fan Boazum. Rút: oernommen út it wapen fan de famylje Walta, dy't by it doarp in stins bewenne. Kleuren: oernommen fan de flagge fan Baarderadiel. Griene hoeken: ferwize nei de eardere Middelseediken by it doarp.
Sjoch ek
Boazum Kategory:Boazum