Foy Draper (Georgetown, 26 novimber 1911 - Kasserine Tuneezje, 1 febrewaris 1943) wie in Amerikaanske atleet.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, op de 4x100 meter estafette mei Jesse Owens, Ralph Metcalfe en Frank Wykoff yn 1936.
Draper tsjinne ûnder de Twadde Wrâldkriich by de Amerikaanske Loftmacht, wêrby't er piloat wie fan in A20-B gefjochtsfleantúch. Wilens de Slach om de Kasserinepas yn it hjoeddeiske Tuneezje gie er mei syn fleantúch op 'n paad en kaam net wer werom. Foy Draper ferstoar op 1 febrewaris 1943, yn 'e âldens fan 31 jier, hy leit begroeven op it Amerikaanske begraafplak yn Kartago, Tuneezje.
Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk ofsier Kategory:Amerikaansk piloat Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje yn de loft Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1943