thumb| Wapen fan Blauhús It wapen fan Blauhús is it wapen fan it doarp Blauhús, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1989 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsneid: I yn azuer in fiskersboat fan goud; II yn sulver trije pompeblêden fan kiel.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sulver (sulver) en kiel (read).
Symbolyk
Skip: ferwiist nei de skippen dy de fiskers brûkten foar it fiskjen op de Sinsmar en de Atsebuorstermar. Pompeblêden: ferwize nei it Fryske karakter fan it doarp. Ek wurde de pompeblêden brûkt troch de Blauhúster Dakkapel. Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Westergoa.
Sjoch ek
Blauhús Kategory:Blauhûs