thumb| Wapen fan Gerlseat-Polder It wapen fan Gersleat-Polder is it wapen fan it doarp Gersleat-Polder, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 2008 registrearre.

Skiednis Omdat Gersleat-Polder allinnich troch de gemeente It Hearrenfean erkend wurdt as doarp, is it wapen net as doarpswapen registrearre mar as korporaasjewapen.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn grien in sulveren hynder, dravend op in skyldfoet, skake fan lizzende blokken fan swarte en sulver, yn 5 rigen fan 4 blokken, it hynder yn de lofterboppehoeke beselskippe fan in gouden klaver.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver, sabel (swart) en goud.

Symbolyk Grien fjild: ferwiist nei de polder dêr't Gersleat-Polder yn leit. Hynder: oernommen út it wapen fan Gersleat. Om't in read hynder op in grien fjild net heraldysk korrekt is, is der keazen foar in sulveren hinder. Blokt fjild: oernommen út it wapen fan Polder fan it Fjirde en Fyfde Feandistrikt. It swart ferwiist nei it fean en it sulver nei it wetter dat ûntstien is troch de feanterij. Gouden klaverblêd: ferwiist nei de greiden. De gouden kleur stiet foar de hynsteblommen en bûterblommen dy't yn de simmer de polder giel kleurje litte.

Sjoch ek

Gersleat-Polder Kategory:Gersleat Kategory:Gersleat-Polder