De stoarm fan 25 jannewaris 1990 wie in tige harde stoarm dy't Noardwest-Jeropa teheistere. It wie ien fan de slimste wynstoarmen yn Jeropa, dy't wol 97 totaal deaden feroarsake, wêrfan 47 yn Grut-Brittanje, 17 yn Nederlân, 11 yn Belgje en 12 yn Frankryk. De stoarm hat ferskate nammen, om't doetiids foar sokke foarfallen noch gjin offisjele nammen bestiene. Yn Frankryk en Dútslân waard er Orkaan Daria neamd en yn Grut-Brittanje Burns' Day Storm, nei de jierdei fan Robert Burns.

De heechste wynfaasje waard mjitten by Belfast yn Noard-Ierlân mei in wynfaasje fan 190 km yn 't oere. It slimst troffen wie Grut-Brittanje.

Fryslân Yn 'e rin fan de rampdei waard der in trochsneed wynkrêft fan 8 oant 9 mjitten mei útsjitters ta dy't in wynkrêft fan 12 helle, de heechste skaal dy't berikt wurde kin. Op de fleanbasis Ljouwert waard om 18:30 oere in wynfaasje fan 71 knopen (131 km/oere) en op de Brandaris op Skylge waard om 23:00 oere in wynfaasje fan 72 knopen (133 km/oere) berikt.Windkracht van dik in de twaalf Ljouwerter Krante 26 jannewaris 1990 yn De krant van toen De measte skea bestie út omwaaide beammen en lantearnepeallen en fallende dakpannen en skoarstiennen.

It nuvere fan de stoarm wie dat it fierder it lân yn hurder waaide as oan 'e kust en op 'e eilannen. Benammen yn 'e Súdeasthoeke, lykas yn De Haule en Drachten rûnen in soad gebouwen grutte skea op. In protte pleatsen rekken skansearre dêr't dakken fan lisboksstâlen ôfwaaiden. In pleats yn Aldeboarn ferlear it dak. Yn Sondel stoarte it dak fan in pikestâl yn, dêr't hûnderten piken by omkamen.Kippenmesterij in Sondel met grond gelijk Ljouwerter Krante 27 jannewaris 1990 yn De krant van toen

Yn Harns bedrigen fallende stiennen fan de wettertoer it rêsthûs Almenum. It dak fan de Titus Brandsmaskoalle yn Boalsert rekke foar it grutste part skeind. Yn Nijeholtpea rekke in trein fêst mei 50 passazjiers, dy't fiif oeren lang wachtsje moasten op fierder ferfier. De stoarm ûntregele fierders de feartsjinsten nei de Waadeilannen en de postfersoarging. It Russyske frachtskip Brimz rekke op 'e drift. De bemanningslju waarden troch Skylger rêdingsploegen holpen en oan wâl brocht. Fan dêrwei waarden se nei de fleanbasis Ljouwert flein.Russische bemanning gered van op drift geraakt schip Ljouwerter Krante 26 jannewaris 1990 yn De krant van toen

De monumintale kleasterpoldermûne De Non, justjes súdeastlik fan Ferwert baarnde folslein ôf. Troch de stoarm giene de wjukken om 20:30 oere troch de fang en begûnen as in gek te draaien. Om't de mûne mei de efterkant yn 'e wyn stie, draaiden de wjukken tsjin de normale draairjochting yn. Troch de wriuwingshjitte dy't dêrtroch ûntstie, rekke de mûne yn 'e brân. De Wolvegeaster mûne Windlust rekke skeind, om't de wjukken ek as in gek begûnen te draaien. Dêrtroch waard in stik fan de stelling meinommen en in gat yn it reidtek slein. De mûnders koene op tiid de mûne rêde.Molen De Non Ferwerd door brand verwoest Ljouwerter Krante 26 jannewaris 1990 yn De krant van toen

Nederlân thumb|Stoarmskea yn Haarlim De rest fan Nederlân hie ek in ûnbidich soad lêst fan de stoarm. De swierste wynstjit yn Nederlân waard mjitten yn IJmuiden mei 158 km/oere. De gefolgen wiene it grutst doe't de jûnsspits wie. Op Skiphol bleaune fleantugen inkelde oeren op 'e grûn. It iepenbier ferfier mei treinen, trams en fearponten waarden jûns troch de orkaan sa goed as alhiel hoholden. Yn Amsterdam koene trams net ride omreden omfallen beammen en brutsen boppeliedingen. Tûzenen reizgers rekken fêst yn 'e grutte stêden en moasten dêr út need de nacht trochbringe. Op autosneldiken waard it ferkear stillein troch omwaaide frachtauto's, lantearnepeallen en beammen. De Lekbrêge by Fianen waard yn alletwa rjochtingen ôfsletten. Yn Noardwyk oan See kamen trije brânwachtlju om it libben by in grutte brân yn hotel Huis ter Duin. Yn Apeldoarn waarden tanks fan it leger ynset om strjitten skjin te feien. Op de brêge oer de Isel by Arnhim rekke in soad ferkear stil.

Dútslân Noardwest-Dútslân wie it slimst troffen yn Dútslân. Yn Hamburch en Eastfryslân waard de dykbewekking ynsteld. Yn Noardryn-Westfalen, Hessen en Saksen waard it ferkear troch omfallen beammen behindere. Yn 'e bistetún yn Hannover stoarte in wolvehok yn, dêr't trije wolven troch útbrieken. De swierste wynstjit yn Dútslân waard op 'e berch Brocken metten mei in faasje fan 230 km/oere.

Grut-Brittanje en Ierlân thumb|Stoarm fan 25 jannewaris 1990 Yn Grut-Brittanje kamen 47 minsken om it libben en foelen der tsientallen ferwûnen. Dakken waarden fan 'e huzen ôfskuord, beammen ûntwoartele, muorren en stigers omwaaid en ek brêgen en spoarferbinings rekken skansearre, benammen yn Wales, Cornwall, Súd-Ingelân, Súd-Ierlân en Skotlân, dêr't trije deaden foelen fan de sniestoarmen. Likernôch miljoen Britske húshâldings kamen sûnder stream te sitten om't elektrisiteitsmêsten knapten, wylst justjes foar de jûnsspits in soad treinen útfoelen. Londen rekke hast ta in folsleine stilstân, de measte stasjons, allyk dy fan de ûndergûnske giene ticht, wylst Westminster Bridge en Tower Bridge, de twa drokste brêgen fan de stêd, blokkearre rekken troch in frachtwein en in bus dy't om leine.

Heechste wynstjit it lân Lân Heechste wynstjit Plak 168 km/h Dunmore Head 172 km/h Aberporth & Gwennap Head 164 km/h Sangatte 168 km/h Beauvechain 162 km/h Wincrange 159 km/h IJmuiden & Westkapelle 230 km/h Brocken 166 km/h Gedser Odde & Nykøbing Falster

Kategory:Stoarm Kategory:Barren yn 1990 Kategory:Ramp yn Fryslân Kategory:Ramp yn Nederlân Kategory:Ramp yn Dútslân Kategory:Ramp yn Denemark Kategory:Ramp yn Belgje Kategory:Ramp yn Frankryk Kategory:Ramp yn Ierlân Kategory:Ramp yn it Feriene Keninkryk